Hoofdtekst
In kloftsje jongfolk stie us in kear op 'e Feike-draei to Surhústerfean. It gong der om hwa't it bêste lige koe. Dat woun Jan Hepkes fansels.
Hy fortelde: "Ik stie hjir us to fiskjen by de Feanster haven. Doe fangde ik in grouwe snoek. Mar ik koe him der net útkrije. De snoek skuorde en ik skuorde. Mar de snoek woun it. Dat hy luts my de feart yn. Hy hie nochal hwat faert en ik liet my meislepe. Wy wienen oan Readskuorre ta.
Lútsen, de bargekoopman stie op 'e wâl. Ik rôp him ta: 'Lútsen, skutte! skutte!'
Dat die Lútsen en dêr sylden wy moai troch de slûs hinne. Dat gong regelrjocht op it Knjillisdjip oan. Dêr nom er de bocht nei lofts, dat ik tocht: - O deale, sa bilânje wy aenst noch yn 'e Burgermar. - Mar né, by de Skûlenburchster brêge nom de snoek linich de swaei. En dat gong wer kreas nei 't Fean ta. Hwant dêr wenne dy snoek, matte jim tinke.
Hy gong oan 'e kant lizzen. Ik sprong oan wâl en dêr stie ik, mar de angel haw ik der by forspile."
Onderwerp
AT 1960B - The Great Fish   
ATU 1960B - The Great Fish.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Jan de Liger   
Feike-draei   
Fean   
Readskuorre   
Raadschuur   
Lútsen   
Knjillisdjip   
Skûlenburchster   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Veen   
