Hoofdtekst
Op 'e Haule wenne in boer, dy hie in arbeider. As dy arbeider moarns kaem, siet der in swart hountsje op it houtsje, dêr't er oer hinne moast. Dat hountsje liet de tosken sjen, as dy arbeider der oan kaem, dat hy wie der eins mar hwat bang foar. Dan moast de boer earst komme, hwant it hountsje gong net in striebreed út 'e wei. As de boer kaem, gong 't hountsje fuort. Samar ynienen en dan wie 't nergens mear to sjen.
De boer sei tsjin 'e arbeider: "Dû moatst de slaei meinimme, hwant it is myn houn net."
De oare moarns kaem de arbeider wer. Doe hie er de slaei by him. It hountsje siet wer op it houtsje.
"Ien, twa", sei de arbeider, en hy rekke de houn goed. Mar de houn lake him út, krekt as fielde hy der neat fan. Doe tocht de arbeider: "Dit is de duvel, nou moat ik oppasse. Dit doocht net." Hy wist, dat men noait trije kear slaen mocht.
"Ik slach gjin duvel trije kear", sei er en hy bigoun opnij to slaen en sei: "Dêr hast wer ien opnij: Ien, twa."
En doe sei er: "Ik slach dy wèr opnij: Ien, twa."
En hy houde mar raek mei syn slaei.
Mar doe't er dat sa trije kearen dien hie, wie de duvel fuort. Hy hat him noait wer sjoen.
De boer dy't dêr wenne hiet fan Berga.

Beschrijving
Een arbeider moest elke ochtend op een bruggetje langs een zwart hondje. Hij was heel bang van het beestje. Op aanraden van de boer sloeg hij hem met een sleg, maar het beestje lachte hem alleen maar uit. Maar bij de derde slag was de duivel verdwenen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 211, verhaal 4
Commentaar
12 juni 1967
Naam Locatie in Tekst
Berga   
Haule   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21