Hoofdtekst
Wy leinen us op in kear by de âld skoalle to Waskemear. Myn man wie net thús. 't Woarde bêdtiid en ik seach út of hy der hast oankaem. Wylst ik bûten op 'e wâl stie, hearde ik yn 'e timmerwinkel hwat. 't Wienen de sirkelsagen dy't dêr gongen. Ik gong oer de brêge hinne, hwant ik woe 't better wite. Hoe koe dat nou, dat se by nacht noch oan 't wurk wienen en dan sûnder ljocht der by. 'k Seach by de timmerwinkel troch de glêzen, mar ik koe neat gewaer wurde. 'k Seach neat, mar 'k hearde de mesine gean.
't Wie sahwat healwei tolven en ljochtmoanne waer.
'k Ha dêr sahwat tsien minuten stien, doe kaem myn man der oan.
"Moast hjir us even komme," sei 'k, "dêr binne se noch oan 't wurk."
Wy hearden 't allebeide. Der wienen gjin ljochten op. 't Wie de timmersaek fan Germ en Douwe Offringa.
De oare deis fregen wy: "Binne jimme sa let noch oan 't saegjen?"
"Né," seinen se, "mar hwat jimme bidoele, dat gebeurt hjir nachts wol faker."

Onderwerp
SINSAG 0061 - Werkgeister   
Beschrijving
Een echtpaar hoorden in een timmerwinkel 's nachts nog de cirkelzaagmachine. Maar er was niets te zien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 214, verhaal 4
Commentaar
19 juni 1967
Werkgeister
Naam Overig in Tekst
Germ Offringa   
Douwe Offringa   
Waskemear   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21