Hoofdtekst
Ik wie in famke fan sa'n jier of sawn. Wy leinen to Drachten. Doe kaem der in skipper: Hindrik Blom fan Drachten om to sizzen dat er de jouns om in kopke kofje kaem.
Hindrik mocht graech in romerfol. Nei de kofje krigen se in slokje. Ik boarte mei doomnyshoutsjes op 'e bank. Doe sei Hindrik tsjin heit: "Sille wy ris in flesfol drank komme litte?"
"Net op myn forantwurding," sei heit, "ik nim de flesse net oan." (Hindrik koe hwat mear as in oar)
Doe lei Hindrik Blom de bibel foar him op 'e tafel del. Doe naem er in kaei mei in krús deryn. It lei op in bipaeld wurd. Doe bigong de kaei to draeijen. Hindrik krige de flesse, en sette him bûten de kappe op 't dek. It duorre in skoftsje, doe hearden wy bounzjen op it dek. Doe sei er tsjin heit: "Nou moast de flesse oankrije." Mar heit doarst it net oan.
Doe hat mem it noch dien. It earste romerfol goaide Hindrik oer 't linker skouder fuort.
(Hy hat it ek wol dien mei in kaert. Dat wie klaverboer.)

Beschrijving
Een paar mensen wilden graag een volle fles drank hebben. Ze namen een sleutel met een kruis eraan en legden die op een bepaald woord in de bijbel. Toen begon de sleutel te draaien. Een van hen zette een lege fles buiten voor de deur. Een tijdje later werd er op de deur gebonsd. Nadat een van hen de volle fles had aangenomen, gooiden ze het eerste borreltje over de linkerschouder.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 214, verhaal 6
Commentaar
19 juni 1967
Naam Overig in Tekst
Hindrik Blom   
Bijbel   
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21