Hoofdtekst
Froeger wienen der in resje Delfsylsters yn 'e hemel.
Doe kom der ien fan Appingedam by Petrus om talitten to wurden yn 'e hemel. Doe seach dy Appingedamster de Delfsylsters yn 'e hemel.
Hy sei tsjin Petrus: "Hoe komme dy Delfsylsters hjir? Dat binne greate dogenieten. It binne jutters en rovers. Dy hearre hjir net."
Doe sei Petrus: "Dêr leauwe wy neat fan. Wy ha alhiel gjin lêst fan dy minsken."
Doe sei de Appingedamster: "Ik sil 't jo biwize."
Hy gong yn 'e hemelpoarte stean en rôp lûd: "Schip op strand!"
Fuort gongen der in stik of hwat Delfsylsters út 'e hemel wei om nei 't skip ta.
Doe wist Petrus genôch.
De Delfsylsters kommen der út en hy hat noait wer in Delfsylster yn 'e hemel talitten.

Onderwerp
SINAT 2403 - Wie die Bewohner von einigen Küstenplätzen aus dem Himmel gelockt werden.
  
Beschrijving
Een man uit Appingedam kwam bij Petrus aan de hemelpoort en hij zag dat er in de hemel een paar mensen uit Delfzijl waren. Om Petrus te laten zien dat mensen uit Delfzijl niets zijn dan rovers en jutters, riep hij heel luid: "Schip op strand!" Ze gingen snel de hemel uit om naar het schip te gaan. Toen wist Petrus genoeg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 222, verhaal 8
Commentaar
28 juli 1967
Wie die Bewohner von einigen Küstenplätzen aus dem Himmel gelockt werden.
Naam Overig in Tekst
Delfsyl   
Petrus   
Naam Locatie in Tekst
Appingedam   
Delfzijl   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21