Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ022805

Een sage (mondeling), maandag 10 juli 1967

Hoofdtekst

Der wie in ofsier yn 't leger, dy woarde ta de dea foroardield. Doe't er deasketten wie en yn 'e kiste lei, waerd dy opbiere yn 't baerhokje op it tsjerkhôf. Twa fan syn maten wisten, dat it net earlik om en ta gien wie mei it deafonnis fan 'e ofsier. Hja hienen it miskien keare kind as se de mûle iepene hienen. De iene hie dêr birou oer. Mar de oare net. Dy mocht him sa min lije, dat hy sei: "Ik doar him nòch wol in stek mei in dolk to jaen."
De oare wol dêr neat fan leauwe, mar hy weddet om in flesfol wyn dat er it dwaen sil.
Hy giet yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta. De oare giet mei. Dy't it dwaen sil is aenst in bytsje bang. As se yn 't baerhokje komme draeit er him om en komt sa mei de rêch nei de kiste ta to stean. Dan docht er mei de dolk in raem yn 'e kiste.
Mar hwat er net sjen koe - hy stekt troch syn mantel hinne. As er wer fuort sil, wurdt er fêsthâlden. Hy mient net oars as hy wurdt troch de deade beethâlden. Hy is sa bang foar de geast fan 'e deade, dat hy falt fan 'e skrik der sels dea hinne.


Onderwerp

AT 1676B - Clothing Caught in Graveyard    AT 1676B - Clothing Caught in Graveyard   

ATU 1676B - Frightened to Death    ATU 1676B - Frightened to Death   

Beschrijving

Een officier in het leger was ten onrechte terechtgesteld en geëxecuteerd. Een oude maat wedde met een andere maat om een fles wijn dat hij het opgebaarde lijk op het kerkhof nog een messteek zou durven geven. Met zijn rug naar de kist stak de maat het mes in het lijk, maar had niet door dat hij door zijn jas heen stak. Toen hij weg wilde lopen, dacht hij dat hij door de dode werd beetgehouden. Van schrik viel hij dood neer.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 228, verhaal 5

Commentaar

10 juli 1967
Clothing Caught in Graveyard

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21