Hoofdtekst
As der in bijker stjert, moatte se dat de bijen oansizze.
Bearn bijker fan Kromhoek hat bijen op ús heit en dy's fjild hawn. Hy hie wol fyftich kuorren by Wopke Lap op Waskemeer. Op dy plaets wennet nou Vogelzang.
Doe't Bearn bijker stoar, hearden se dat de bijen allegear oan to sizzen. Mar sy woenen net leauwe dat soks noadich wie.
Doe binne se hinnegien en sy ha guon kuorren àl oankloppe en sy ha guon kuorren nèt oankloppe. De kuorren dy't oankloppe waerden, dêr bleauwen de bijen goed fan, mar de oare kuorren, dy't net oankloppe waerden, dy waerden leech en forlitten. Alle bijen gongen dêrfan dea.

Beschrijving
Als een imker sterft, moet dit aan de bijen verteld worden. Er waren eens mensen die dit niet geloofden, en ze namen de proef op de som. Sommige korven hebben ze aangeklopt, en anderen niet. Met de bijen van de korven die aangeklopt waren, ging het goed. Maar de korven die niet aangeklopt waren, raakten leeg. De bijen daarvan gingen dood.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 236, verhaal 4
Commentaar
23 juli 1967
Naam Overig in Tekst
Wopke Lap   
Naam Locatie in Tekst
Bearn   
Kromhoek   
Waskemeer   
Vogelzang   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21