Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ023608

Een sage (mondeling), zondag 23 juli 1967

Hoofdtekst

Myn suster is nou tolve jier wei. Sy wie frijgesel en tsjinne yn Amsterdam. Op in kear hie se nei in freondinne ta op bisite west. 't Wie op 'e joun. Hja roan werom lâns de Hearegracht. 't Wie dêr stil. Doe kaem der ynienen in keardel fan achteren oan en dy kaem har op side. Sy koe syn fuotten net sjen. 't Wie krekt as sweefde er.
Hy sei tsjin har: "Doarre jo hjir jouns wol allinne rinne?"
"Hwerom net?" sei myn suster.
Doe sei dy keardel tsjin har, sy hoefde net to tsjinjen. As hja mar dwaen woe hwat hy sei, dan koe se jild fortsjinje as wetter.
Mar doe sei myn suster: "Gean wei, satan, ik bin dy net noadich." En sy hie 't net sein of dêr wied er hinnesweefd. Fuort hied er west.


Beschrijving

Een dienster in Amsterdam kwam op een avond een man tegen van wie ze de voeten niet kon zien. Het was net alsof hij zweefde. Hij vroeg of ze 's avonds wel alleen zo over straat durfde, maar dat durfde ze best. De man zei toen tegen haar dat ze geen dienster hoefde te zijn. Als ze zou doen wat hij zei, dan zou ze geld verdienen als water. Maar ze zei dat hij weg moest gaan, en dat zij zo'n duivel als hij niet nodig had. Toen zweefde de man weer weg.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 236, verhaal 8

Commentaar

23 juli 1967

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21