Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ023701

Een sprookje (mondeling), maandag 03 juli 1967

Hoofdtekst

Der wie us in man dy hie in buchel op 'e rêch.
Op in kear gong er de bosk yn om poddestuollen to sykjen. Doe't er in skoftsje socht hie, waerd er warch en gong op in skadich plakje yn 't moas lizzen. Dêr foel er yn 'e sliep.
Doe't er in skoftsje slept hie, waerd er wekker, trochdat er sjongen hearde. Hyltyd waerd der song:
Maandag, dinsdag, woensdag,
donderdag, vrijdag, zaterdag.
De man wreau him de eagen út en seach om him hinne. Doe waerd er in kloft kabouters gewaer, dy wienen meimankoar oan 't dounsjen en oan 't sjongen. Mar sy songen it ferske net út. Ien rigel miste der oan, dy koenen se moai wis net. It wie hyltyd:
Maandag, dinsdag, woensdag,
donderdag, vrijdag, zaterdag.
De man tocht: "Ik sil har dy iene rigel leare." Hy gong nei de mantsjes ta en sei: "Jimme slagge hyltyd ien rigel oer."
Doe seinen de kabouters: "Sjong dû it dan us hielendal." Doe die de man dat. Hy song:
Maandag, dinsdag, woensdag,
donderdag, vrijdag, zaterdag
en daarbij de zondag.
Doe't de kabouters dat hearden, wienen se sa bliid, dat se seinen: "Dû meist in winsk dwaen!"
De man wie gau biret en sei: "Nim my dan myn buchel ôf!"
Doe bigounen se to sjongen en sy dounsen yn in wide rounte om 'e man hinne. Mar dy rounte waerd hyltyd lytser en sy kamen almar tichter by him. Se droegen allegear lange baerden en dy gongen op en del, dat it like mar raer. De man waerd al in bytsje binaud, doe't se al mar neijer by him kamen.
Mar doe pakten se him en goaiden him omheech. Doe't er wer op 'e groun stie, wied er syn bult kwyt. De man wie allerôfgryslikste bliid. Underweis kaem er in lietsjesjonger tsjin, dat wie in omrinder dy't leafst neat dwaen woe en dy't altyd in min sin hie. Dy man hie ek in buchel, mar net op 'e rêch. Hy hie de buchel foar op it boarst sitten.
Dy man komt op him ta en seit: "Hoe bistû dyn buchel kwyt rekke?"
De man fortelt it him allegearre en dan seit de lietsjesjonger: "Dêr wol 'k èk hinne."
Mar hy lei 't oars oan. Hy woe earst net sliepe. Sa'n gedonder woe hy net ha. Hy woe net wekker wurde troch it sjongen fan 'e kabouters. Hy roun fuortdaliks dryst op it plak ta dêr't de kabouters dounsen en hy rôp brutael: "Jimme moatte my helpe!" Doe fregen de kabouters, hwat er dan woe.
Hy kommandearde: "Ik wol myn buchel kwyt. Dy moatte jimme my ôfnimme. Fluch-op!"
Doe seinen de kabouters: "Goed, dan sille wy direkt bigjinne."
Doe namen se de lietsjesjonger op en smieten him omheech. Hy kaem yn 'e takken fan in beam tolânne. Mar doe't er wer delkaem, wie er syn buchel net kwyt, mar hy hie der sels noch ien by krigen op 'e rêch. Dat wie dyselde fan 'e oare man.
Tonei moast er mei twa buchels omrinne.

Onderwerp

AT 0503 - The Gifts of the Little People    AT 0503 - The Gifts of the Little People   

ATU 0503 - The Gifts of the Little People.    ATU 0503 - The Gifts of the Little People.   

Beschrijving

Er was eens een man met een bochel op zijn rug. Hij ging het bos in om paddestoelen te zoeken, en viel daar in slaap. Hij werd wakker van het gezang van kabouters die zongen: "Maandag, dinsdag, woensdag, / donderdag, vrijdag, zaterdag." Ze wisten de laatste regel niet meer, maar de man zong het voor: "... en daarbij de zondag." Omdat de man zo goed geholpen had, mocht hij een wens doen. Hij wenste dat hij zijn bochel kwijt zou zijn. De kabouters gingen in een steeds nauwer wordende kring om hem heen staan en gooiden hem in de lucht. Zo raakte hij zijn bochel kwijt, en hij was verschrikkelijk blij. Terug door het bos kwam hij een andere man tegen, met een bochel op zijn borst. De man vertelde hoe hij zijn bochel was kwijtgeraakt, en dat wilde de andere man ook wel. Hij ging naar de kabouters, en zei dat ze hem moesten helpen, en snel een beetje. De kabouters gooiden hem ook in de lucht, maar toen hij weer op de grond kwam, had hij twee bochels. Die van de eerste man had hij erbij gekregen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 237, verhaal 1

Commentaar

3 juli 1967
The Gifts of the Little People

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21