Hoofdtekst
Alde Hindrik Pikelhearring koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Ja, hwat koed er net! Hy wenne yn de Pein. Hy roan mei sinaesappels by de streek lâns en sa kom er ek us in kear by ús. Mar wy hienen 't tige krap en sinaesappels mochten ús net barre.
Mem sei tsjin him: "Kom der mar yn, dan krije jo in bakje kofje. Mar ik kin neat fan jo keapje."
"Binne jo earm, Tryntsje?" frege er.
"Ja", sei mem.
"Ik kin jo wol oan jild helpe", sei er.
"Ja?" sei mem. Sy wie forbaesd.
"Ja," sei er, "ha jo wol in swarte kat?"
"Jawol", sei mem.
"Nou, dy swarte kat dogge jo yn in sek. En dan geane jo dêr fannacht mei nei de Peinder tsjerke ta. En dan rinne jo trije kear om 'e tsjerke hinne. En jo sizze alle trije kearen by de tsjerkedoar: 'Ik beveel me aan de duivel zijn kunsten.' Dan stiet der de trêdde kear in man oan 'e doar en dy jowt jo in wikseldaelder foar de kat. Dan ha jo noait mear forlet fan jild."
"Dat doch ik noait", sei ús mem.
"Dan kin ik jo ek net oan jild helpe", sei er.

Onderwerp
SINSAG 0882 - Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.   
Beschrijving
Een sinaasappelverkoper kwam bij een arme vrouw aan de deur. Hij zei dat hij haar wel aan geld kon helpen. Dan zou ze met haar zwarte kat naar de Peinder kerk moeten toegaan, en daar drie keer omheen lopen. Bij de kerkdeur zou ze elke keer moeten zeggen: "Ik beveel me aan de duivel zijn kunsten." De derde keer zou er dan een man staan, die haar een tovermuntstuk geeft voor de kat. Dan zou ze nooit meer gebrek aan geld hebben. Maar de vrouw zei dat ze dat nooit zou doen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 241, verhaal 9
Commentaar
27 juli 1967
Der Wechseltaler (Teufelsgulden) wird mit viel Mühe erworben, und kehrt immer in die Tasche zurück.
Naam Overig in Tekst
Hindrik Pikelhearring   
Hendrik Pekelharing   
Tryntsje   
Naam Locatie in Tekst
Pein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21