Hoofdtekst
Atse Benedictus op 'e Kletten fortelt: Wy liezen sahwat mei ús tsienen of achten op Feansterheide de krante. De âlde kranten woarden fordield by 't kranterekkenjen. Dan komme se byelkoar yn 'e herberch. Ien kear stjûrde heit my dêr hinne, doe koed er sels net. Dy hiele joune ha se dêr oars gjin praet hawn as oer spoekjen en tsjoenen. Ik wyt der mar in bytsje mear fan, mar dìt wyt ik noch wol. Ien fortelde:
"Der kom op 'e Langewyk in wein oan. Dêr siet in keardel op, foar by 't tiksel. Op dy wein lei in deade kou. Der siet in oare man strampele oer dy kou. Dy wein kom my tomjitte. Doe't er oan my ta wie, woarde ik samar oer de beamkes hinnesmiten."

Onderwerp
SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen   
Beschrijving
Een man zag eens een wagen met een dode koe erop. Hij zag iemand struikelen over die dode koe. Toen de wagen bij de man kwam, werd de man opeens over de bomen heengegooid.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 242, verhaal 1
Commentaar
29 juli 1967
Von unsichtbaren Händen aufgenommen
Naam Overig in Tekst
Atse Benedictus   
Kletten   
Naam Locatie in Tekst
Feansterheide   
Veensterheide   
Langewyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21