Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ024310

Een sprookje (mondeling), woensdag 02 augustus 1967

Hoofdtekst

Der wie in jongfaem, dy wenne by har beppe.
It âld-minske hie gâns jild; dat hie se mei arbeidzjen en kloekwêzen stadichoan oergarre. Dat jild woe se net kwyt.
Mar it fanke hie drokke forkearing en makke trouplannen.
"'k Sil beppe formoardzje," sei se, "dan ha 'k de sinten." Doe sei har beppe: "Dat mast net dwaen, fanke, hwant dat sil útkomme, as sille de fûgeltsjes op it skoarstienskleed it ek útsjonge."
Mar it fanke makke har beppe àl fan kant.
Doe't se in moai skoft troud west hie, siet se op in joun by de tafel. Ynienen foel har eech op it skoarstienmantelkleed en sy bigoun bot to laitsjen.
"Hwer lakestû sa bot om?" frege de man.
"Ik laitsje noch altyd om myn beppe, dat de moart útkomme soe troch de fûgeltsjes op 't skoarstienmantelskleed. Dêr laitsje ik om."
"Hwatte," sei de man, "hastû dyn beppe dan formoarde?"
Sy hie har forpraet.
Deselde jouns noch gong har man nei de plysje ta en joech it oan.
Sa hat beppe dus doch noch gelyk krigen en ha de fûgeltsjes it útsong.


Onderwerp

AT 0960 - The Sun Brings All to Light    AT 0960 - The Sun Brings All to Light   

ATU 0960 - The Sun Brings All to Light.    ATU 0960 - The Sun Brings All to Light.   

Beschrijving

Een meisje wilde graag haar grootmoeders geld hebben om te trouwen. Ze besloot haar te vermoorden. De oude vrouw zei dat als ze dat zou doen, de vogeltjes op het schoorsteenkleed het zouden uitzingen. Toen ze al een tijd getrouwd was, viel op een avond haar oog op het schoorsteenmantelkleed, en ze begon hard te lachen. Haar man vroeg waarom ze zo hard moest lachen. Ze zei: "Ik lach nog altijd om mijn grootmoeder, dat de moord zou uitkomen door de vogeltjes op het schoorsteenmantelkleed." Zo versprak ze zich, en haar man gaf haar aan bij de politie. Haar grootmoeder had dus toch gelijk gekregen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 243, verhaal 10

Commentaar

2 augustus 1967
The Sun Brings All to Light

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21