Hoofdtekst
Doe't myn mem noch faem wie, tsjinne se by de boer.
Winterdeis gong se to riden op 't iis. Dan gebeurde it wolris dat se hwat langer as gewoanlik weibleau. Se stuts dan yn 'e herberch oan om dêr to dounsjen.
Op in joun wie se wer let. Doe kom der in dikke swarte houn njonken har lâns. Hja wie deabinaud, hwant de houn rekke har hyltyd ûnder 't rinnen.
Op 't lêst wie se oan 't hiem fan 'e boer ta. Hja moest om in hekke hinne. Hja tocht: "Hoe moat dit nou? Moat ik der nou earst hinne as dû?"
Mar doe wie de houn ynienen fuort west. Dy houn hat in pleachbeest west.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Een jonge vrouw werd op een avond eens achtervolgd door een plaagbeest. Toen ze terug op de boerderij was, wist ze niet hoe zij het grote, zwarte beest achter het hek kon houden. Maar toen was hij opeens verdwenen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 244, verhaal 9
Commentaar
2 september 1967
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21