Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ024604

Een sage (mondeling), zondag 13 augustus 1967

Hoofdtekst

Froeger gebeurde it wol dat it jongfolk fan Bakkefean der op út gong nei in oar plak ta en dan wol us rûzje krige. Op in kear doe wie der in ploechje nei Mearum ta. Dêr wie sterke Ynse ek by.
De Bakkefeansters woarden hwat deiels mei it jongfolk fan Mearum en sa gebeurde it dat Ynse ek ien fan dy mannen eefkes beet krige. Ynse sei tsjin him: "Jonge, dû mast hjir wei gean." En doe liet er him ek wer los.
Mar de oare deis, dêr hienen jy de plysje al by Ynse.
Hy sei: "Dû hast dêr yn Mearum ien it skouder kniesd." Ynse koe it him net bigripe. Hy miende dat er dy fint allinne mar even by de jas beet hawn hie.


Beschrijving

Sterke Ynse had eens aan een vechtpartij meegedaan. De volgende dag stond de politie aan de deur omdat hij de schouder van iemand gekneusd had. Ynse kon het niet begrijpen, hij meende dat hij de jongen alleen maar even bij zijn jas had gepakt.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 246, verhaal 4

Commentaar

13 augustus 1967

Naam Overig in Tekst

Sterke Ynse    Sterke Ynse   

Mearum    Mearum   

Naam Locatie in Tekst

Bakkefean    Bakkefean   

Bakkeveen    Bakkeveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21