Hoofdtekst
It skearmes, dêr't de deade mei skeard woarde, kom mei yn 'e kiste. Dienen se dat net, en woarde it letter brûkt, dan kom it mei dyselde net goed.
Ek de skûteldoek, dêr't de deade mei wosken woarde, kom mei yn 'e kiste, om deselde reden. En de skellingse kop (fan read ierdewurk) dêr't it wetter yn siet, dêr't de deade mei wosken woarde, woarde yn alle diggels slein en oer it paed of de reed goaid. Ek wol woarde dizze kop yn 'e groun bigroeven, hwant wé as dy kop wer brûkt woarde. Ek de nuddel, dêr't it deadslekken mei reaun woarde, kom mei yn 'e kiste om deselde reden.
As der in timmerman stoar, woarde alle ark in bytsje forset of forlein of forhong. Oars wie 't net mear to brûken. En sa wie 't ek mei 't ark fan oare hantwurkslju. It ark wie oars net in sint mear wurdich.
Ek de bijekuorren woarden forset, ek de naeimesine, dêr't de froulju op naeiden.
De klean fan deade minsken koe men wol fuortsmite. Dy wienen neat mear wurdich.

Beschrijving
Een scheermes dat gebruikt wordt om een dode mee te scheren, gaat mee in de kist. Als het later nog door een ander gebruikt zou worden, zal het met diegene slecht aflopen. Dit gebeurt ook met de andere wasspullen, en de naald waarmee het doodskleed gemaakt is. De waskom wordt op de weg kapotgeslagen of in de grond begraven. De kleren van een dode worden weggegooid, die zijn niet meer waardig, net als het gereedschap van werklieden (timmerman, kleermaker).
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 247, verhaal 11
Commentaar
17 augustus 1967
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21