Hoofdtekst
Sytse Jager wenne yn 'e Smoarhoeke. Hy wie ien fan 'e jonges fan Hindrik en Trui. Hy wie doe noch frijgesel en wenne by syn âlden yn.
Op in kear kom er midden yn 'e nacht thús. By harren achter hûs wie de sleat krekt slatte. De slatswâl stie der noch. Doe seach Sytse dêr op 'e slatswâl in dikke wite geit omdânsjen.
Dy sprong al mar hinne en wer, en dat yn 't holst fan 'e nacht. Dat wie de duvel.
Sytse woarde deabinaud. Hy is ta 't hûs ynstoud en dêr is er by syn âlden op bêd sprong. Hy krûpte tusken har yn ûnder 'e tekkens en hy helle de tekkens oer de kop hinne, sa bang wied er, dat de duvel him krije soe. It gong der sa bot oan wei en der wie sa'n stik lawaei, dat it wie krekt as kom it hûs fan boppen.
Doe sei âlde Hindrik: "Dit kin sa net langer. Hjir moat foroaring komme. Dû mast der út."

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een jongen, die nog bij zijn ouders woonde, zag op een avond een witte geit in het land dansen en springen. Hij was zo bang dat hij zijn huis inrende en bij zijn ouders onder de dekens sprong.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 248, verhaal 6
Commentaar
10 september 1967
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Sytse Jager   
Hindrik   
Trui   
Naam Locatie in Tekst
Smoarhoeke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21