Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ024910

Een sage (mondeling), zondag 17 september 1967

Hoofdtekst

In swarte kat is faek in tsjoenster. 't Is ek wol us de duvel sels.
Myn wiif har pake, dat wie Hindrik Swart. Mar sy neamden him allegear Hindrik Skutter. 't Wie in hiele raren-ien. De kweade wie syn maet.
Hy siet op syn manier yn 'e bibel to lêzen, mar dan song er dêr wylst allegear rare ûnfatsoenlike strjitferskes by. Dy stienen dêr yn, sei er. En dan sei er soms: "Dêr is dy duvelse kat ek wer!" En dan sloech er mei de stok om him hinne, sa bot, dat syn bernsbern doarsten net heal by him to kommen. Mar der wie net in kat to sjen. Tominsten deselden dy't by him wienen seagen net in kat. Letter ha wy bigrepen hawn hwa't dy kat west hat en hwerom't hy dêr sa bang foar wie.
Pake is stoarn yn 't hûs, dêr't wy nou yn wenje.
Doe't er yn 'e kiste lei, stie it lid in hiel lyts bytsje op 'e kier. Der lei in prikje plat tusken. Ek it finster fan 't keammerke stie in lyts bytsje omheech skoud. Dêr lei in lúsjefersdoaske plat ûnder.
Skoanheit en omke troffen it beide, dat der in fremde, swarte kat ûnder 't finster troch gong, út it keammerke wei nei bûten ta. Hy krûpte der ûndertroch, wylst it finster net mear as in lúsjefersdoaske omhechstie. 't Wie dus net in gewoane kat, hwant dy kin soks net.
Doe't heit en omke by de kiste kommen, wie de âld man de hiele noas ôfbiten. Dat hie dy fremde kat dien. Mar hoe wie dy yn 'e kiste kom? Hwant dêr stie 't lid mar krekt fan yn 't kier. In prikje lei der plat tusken. Dy kat wie oars net ien as de duvel.
Pake is yn 'e Boelensloane op 't hôf kom. Doe't it folk fan 'e bigraffenis weromkom, kom dyselde swarte kat hjir wer ta 't hûs út. Letter ha wy him noait wer sjoen.


Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Een man spotte wel eens met de bijbel. Soms zag hij dan ook een zwarte kat, die niemand anders zag. Toen de man in zijn doodskist lag, stond de kist nog een heel klein stukje open. En het raam stond op een kier van een lucifersdoosje. De familieleden zagen een zwarte kat onder het raam door de kamer uitkomen. Een gewone kat zou nooit door zo'n smalle spleet kunnen komen. Toen de familieleden in de kamer kwamen, zagen ze dat van de oude man de neus was afgebeten. Dat had die kat moeten doen. De kat moest wel de duivel geweest zijn.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 249, verhaal 10

Commentaar

17 september 1967
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).

Naam Overig in Tekst

Hindrik Swart    Hindrik Swart   

Hindrik Skutter    Hindrik Skutter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21