Hoofdtekst
Doe't Hindrik Holthuis noch jong wie joech er om God noch syn gebot. Hy hie de gek mei alle godstsjinst.
As feint soed er us nei de froulju ta. Hy roan de Bopperein fan 't Wytfean del. Se hienen tsjin him sein dat it dêr spoeke. Mar Hindrik hie sein: "Ik bin foar gjin sawn duvels bang!"
Der stienen roggehokken op it lân, dêr't er lâns moast. Hindrik seach der nei. Doe kom der samar in gedaente út sa'n roggehok wei. En doe kommen der ek noch seis út seis oare roggehokken wei. Alle sawn wienen it swarte gedaenten.
Doe is Hindrik ôfgryslike binaud woarn. Hy hat it hiel bot útjammere. It mat in freeslike reis west ha, hwant it wienen alle sawn duvels, dy't der op him tasetten kommen.
Hy sei letter: "Hwat bin ik nou bang foar de duvel."
Hy is troch dat gefal alhiel bikeard. Letter gong er getrou nei tsjerke ta. Hy is grifformeard woarn en hat de bern sels sondagsskoalle jown.

Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Een jongeman spotte altijd met God en gebod. Op een keer waarschuwden sommigen hem dat het op een bepaalde plek spookte, maar hij zei voor nog geen zeven duivels bang te zijn. Toen hij op de bewuste plek kwam, waren er opeens zeven zwarte gedaantes. Het was een vreselijke reis, en sinds die dag is hij bekeerd. Hij is gereformeerd geworden, en heeft de kinderen zelf zondagschool gegeven.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 250, verhaal 14
Commentaar
15 augustus 1967
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).
Naam Overig in Tekst
Hindrik Holthuis   
God   
Naam Locatie in Tekst
Bopperein   
Boveneinde   
Wytfean   
Witteveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21