Hoofdtekst
It wie op in joun let mei stoarm en ûnwaer. Doe kaem der in frou by de doar mei in great pak mei ellewaren. Hja woe dêr graech de nacht trochbringe. De boer sei, dat moast dan mar oangean, fanwege it minne waer.
Hja sette it pak achter tsjin 't sket oan.
Doe gong se by 't fjûr sitten tusken de oaren. It minske hie in tige grou lûd. Krekt as fan in keardel. Dat klonk de boer hwat fordacht yn 'e earen. Hy fortroude it net. Hy sei tsjin 'e faem: "Helje dû ris hwat apels op en smyt ús elk ien ta."
Doe heinde dat frommes de apel op mei de skonken nei elkoar ta.
Doe hie de boer it biwiis. Hy sei tsjin har: "Dû bist in keardel!" Hy springt ta en bynt har mei touwen fêst.
Mar wylst er dat sei: Dû bist in keardel - kaem der biweging yn it pak.
De boer helle syn gewear en skeat der op. It bloed spatte der ta'n út.
Doe hellen se gau de plysje op. Dy makke it pak los en doe siet dêr ek noch in keardel yn, dy wie hwat gewond rekke troch it skot.
It wienen beide rovers, dy't dêr dy nachts ynbrekke wold hienen. Mar sy waerden nou arresteard en ûnder 'e toer stoppe.

Onderwerp
VDK 0958G* - De appelvangproef   
ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.   
sinVDK 0958G* - Die Fangprobe   
Beschrijving
Op een stormachtige avond stond er bij een boer een vrouw met een groot pak voor de deur, die graag wilde overnachten. Toen ze even later bij het vuur zaten, vond de boer dat de vrouw toch wel een erg zware stem had. Hij gaf de meid de opdracht hen allemaal een appel toe te werpen. De vrouw ving de appel met haar benen naar elkaar toe, en de boer riep dat het een man was. Er kwam beweging in het pak, en meteen pakte de boer zijn geweer, en schoot erop. Het bloed spatte eruit. In het pak zat nog een kerel, samen hadden de rovers die nacht willen inbreken. De politie kwam en arresteerde de twee mannen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 252, verhaal 3
Commentaar
7 augustus 1967
De appelvangproef
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21