Hoofdtekst
Doe't it Knjillisdjip groeven woarde, wienen der twa Westfalen, dy groeven ek mei. Sy wienen by in widdou yn 'e kost.
Op 't lêst wie 't karwei dien. Mar de beide Westfalen bleauwen by de widdou. Hja krige gjin kostjild mear. Dat koe net út en 't minske woe dy twa graech slite. Sy sei 't tsjin 'e plysje.
Doe kommen der twa plysjes, dy seinen út namme fan 'e burgemeester, dat de beide Westfalen moesten op 'e trein nei Dútslân ta.
Mar de Westfalen seinen: "Dat dogge wy net."
"Dan matte wy jim meinimme", seinen de plysjes.
"Prebearje dat mar us", seinen de poepen. En doe pakten se de plysjes en smieten se troch de doar. Dêr leinen se beide mei de fuotten omheech.
Doe sei de burgemeester tsjin 'e poepen: "As jimme der net mei rêdde kinne, dan mat sterke Hearke der mar hinne." (Hearke wie stille plysje)
De beide plysjes gongen ek mei. Hearke sei tsjin har: "Gean jimme der earst mar yn."
Doe't de beide Westfalen de plysjes seagen, woenen dy se wer pakke. Mar dêr kom Hearke oan. Hy krige se elk by 't boarst en sloech se mei de koppen tsjin elkoar oan. Doe woenen se wol om 't lyk.
"Doch se nou de boeijens mar om", sei Hearke.
Se wienen beide yn 'e sûze en sa blau as laei.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Twee Duitse arbeiders werkten aan het Knjillisdiep in Friesland. Ze waren in de kost bij een weduwe. Maar toen het kanaal klaar was, weigerden ze bij de weduwe weg te gaan, en ze betaalden ook niet meer. De burgemeester stuurde er twee agenten op af, maar deze werden door de poepen op straat gegooid. Sterke Hearke zat bij de stille politie. Die heeft ze met de koppen tegen elkaar geslagen, en toen konden ze geboeid worden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 254, verhaal 5
Commentaar
20 augustus 1967
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Knjillisdjip   
Knjillisdiep   
Westfalen   
Duitsers   
Naam Locatie in Tekst
Duitsland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21