Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ025603

Een sage (mondeling), december 1962

Hoofdtekst

Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen.
Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet.
Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant fan 't wetter.
Der stiet in húske deun by de poel. Op in kear kom de frou thús, doe siet der in fremd beest yn 'e keamer op 'e stoel. Hja woarde tige kjel. Letter gebeurde it noch us. Dat beest kom út 'e poel.
Der hie us hwat iis oer de poel lein, mar it koe noch net hâlde. Doe hearde men trije kear om help roppen.
It sizzen is dat der in famke yn fordrinke mat, mei read hier. Ien hat dat fan tofoaren sjoen.


Beschrijving

Men denkt dat er in de Leeuwepoel een monster zit. Mensen horen wel eens hulpgeroep. Soms is de hele poel in beroering. Sommige mensen hebben in of bij de poel wel eens een raar beest gezien. Als het vriest, kan het ijs niet blijven liggen.
Men zegt ook dat er een meisje met rood haar in zal verdrinken. Iemand heeft dat voorzien.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 256, verhaal 3

Commentaar

december 1962

Naam Locatie in Tekst

Liuwepoel    Liuwepoel   

Leeuwepoel    Leeuwepoel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21