Hoofdtekst
Ik haw in dochter wenjen yn Westergeast. Dêr wie ik us. Doe gongen ik en myn dochter togearre dêr op stap nei it café, dêr't de heit en de broer fan myn skoanmem wennen. Doe't wy dêr in skoft sitten hienen wie 't al aerdich let, sahwat alve ûre. Doe soenen wy dan mar wer fuort. Myn dochter sei: "Mem mat my mar yn 'e earm nimme, hwant it is nochal hwat glêd." Doe't wy in eintsje it tsjerkhôf foarby wienen, sei ik: "Ho, even oan kant." Wy bleauwen stean, doe't wy oan 'e kant wienen.
"Hwat is der, mem?" frege myn dochter.
Ik sei: "Kom nou mar wer mei op 'e wei. Dêr wie in lykstaesje. It wie net sa'n greaten-ien, der roan mar in bytsje folk achteroan.
Doe sei myn dochter: "Der is optheden net ien siik yn Westergeast. Ik soe noait wite, hwa't dat wêze moest." Mar wy wienen de tsjerke foarby roan, doe't ús dy lykstaesje tsjinkom. It moest dus ien fan bûten it doarp wêze.
Twa dagen letter kom de broer fan myn skoansoan, Folkert, by ús. "Us âld buorwyfke is fannacht hastich forstoarn", sei er.
Ik sei tsjin myn dochter: "Dêr hast it al."
In pear dagen letter woarde de bigraffenis hâlden.
Der roannen mar in bytsje minsken achter it lyk oan.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een vrouw zag op een avond een lijkstoet voorbij komen. Haar dochter zag niets. Een paar dagen later stierf er iemand in het dorp en kwam de lijkstoet echt voorbij.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 267, verhaal 1
Commentaar
3 oktober 1967
Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Westergeast   
Folkert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21