Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ026711

Een sage (mondeling), dinsdag 03 oktober 1967

Hoofdtekst

Myn soan hie to melken west. Op 'e Koatster wei sahwat by de skoalle sprong it hynder samar ynienen oer de wei en rekke yn 'e hage. Myn soan hie ek noch krekt in keppel bern by him op 'e wei.
Hy fortelde it my, doe't er thúskom.
"Dus," sei 'k, "it hynder moest rûmte meitsje? Mast der om tinke," sei 'k, "dat dêr binnenkoart in lyk lâns komt."
En 't wie ek al sa. Koarte tiid dêrnei stoar hiel ûnforwacht op in joun Albertsje. It hynder moest dêr krekt de hoeke om, dêr't myn soan doe wie.


Beschrijving

Een man zag eens een paard van de weg gestoten worden. Korte tijd later stierf er iemand uit de buurt en kwam het lijk er voorbij.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 267, verhaal 11

Commentaar

3 oktober 1967

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21