Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ026805

Een sage (mondeling), donderdag 07 september 1967

Hoofdtekst

Us pake moest der nachts altyd ôf om hwat to sjen.
Hy tsjinne by in boer. Doe seinen se op in kear: "Wy sille him fannacht wol ha. Hy komt der net ôf."
Doe setten se allegear sekken mei rogge foar syn bêd. Se seinen: "Nou kin hy der net ôfkomme."
En dat wìe èk sa.
De oare moarns hellen se de sekken der wei. Mar doe't pake der ôf kom, doe wied er blau. Hy leefde noch al, mar 't hie net lang mear duorre of hy hie dea west. It wienen syn kammeraten dy't dy sekken dêr foar set hienen. Mar sy ha 't letter noait wer dien.
Hwant dy't hwat sjen mat, dy mat der ôf. Oars komt it net goed mei him. Pake hiet fan Sieds Leenstra. Hy seach altyd dingen, dy't net noflik wienen om to sjen, lyk as in ûngelok, in lykstaesje ensfh.


Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Een boerenknecht moest er 's nachts vaak uit om lijkstoeten te zien. Op een keer zetten zijn kameraden allemaal zakken rogge voor zijn bed, zodat hij er niet uit kon komen. Toen ze de volgende dag de zakken weghaalden, vonden ze hun maat meer dood dan levend. Hij was helemaal blauw.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 268, verhaal 5

Commentaar

7 september 1967
Leichenzug gesehen.

Naam Overig in Tekst

Sieds Leenstra    Sieds Leenstra   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21