Hoofdtekst
To Uthuzermeden wienen twa keppels by de boer to wjudden. Uthuzermeden leit yn 't noarden fan Grinslân. De iene keppel kom fan Twizelerheide, de oare fan 'e Harkema.
De keppel fan 'e Harkema slepte boven op in souder en dy fan Twizelerheide ûnder op 'e telle.
Alle nachten moest der in frommes fan 'e Harkema ôf. Dan gong se by de leider del. Guon hienen dêr in hekel oan, hwant dy woarden der wekker fan. Dy seinen: "Wy sille de leider der wei krije, hja komt der net wer ôf."
Doe hearden se it minske midden yn 'e nacht kjirmjen: "De leider! De leider! Ik mat nei ûnderen!"
Doe hie de keppelbaes gau de leider der wer delset.
De oare deis fregen se har "Hwerom moasten jo der ôf?" Hja sei: "Hjir stjert binnenkoart ien. Dat moest ik sjen."
In wike letter stoar der ien.
It minske wie mei de helm geboaren.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een stel arbeiders die altijd op de vloer sliepen, werden het zat dat een vrouw van zolder elke nacht naar beneden kwam. Op een avond haalden ze de ladder weg, maar 's nachts stond de vrouw te kermen dat ze naar beneden moest. Ze was met de helm geboren, en moest er 's nachts uit om lijkstoeten te zien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 270, verhaal 4
Commentaar
24 september 1967
Leichenzug gesehen & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Uthuzermeden   
Naam Locatie in Tekst
Grinslân   
Groningen   
Twizelerheide   
Twijzelerheide   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21