Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ027021

Een sage (mondeling), zondag 24 september 1967

Hoofdtekst

Myn wiif har pake, âlde Foppe Nieuwenhuis fortelde: Der wie us in faem, dy tsjinne by de boer. Dat fanke hie noait forkearing. Op in kear sei se: "Nou wol 'k joun in feint ha, as wie 't de duvel ek."
Dy jouns kom der in feint om har. Sy lieten him der yn. 't Wie in hiele raren ien om to sjen en hy hie in pear fremde fuotten. De boerinne hie fuort troch, dat it de duvel wie. De faem wie deabinaud. Mar de boerinne joech har rie. Sy moest de duvel freegje of se it diggelguod omwaskje mocht. As er sa lang wachtsje woe oant dat birêdden wie. Nou dat wie him goed. Mar doe smiet dy faem de hiele brut foar him del sa dat alles yn diggels lei.
"Nou kin jo lang wachtsje," sei se, "hwant troch my wurde dy diggels net omwosken." Doe gong de duvel fuort.


Onderwerp

AT 1187* - Unfinished Work    AT 1187* - Unfinished Work   

ATU 1187* - Unfinished Work.    ATU 1187* - Unfinished Work.   

Beschrijving

Een meisje wenste eens een vriend te hebben, al was het de duivel zelf. Die avond kwam er een knecht voor haar, maar hij had hele rare voeten. De moeder had meteen door dat het de duivel was. Het meisje vroeg de duivel of hij wilde wachten totdat ze de afwas had gedaan. Dat was goed. Maar ze gooide al het vaatwerk aan diggels, en zei dat hij dan lang kon wachten. Toen is hij maar weggegaan.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 270, verhaal 21

Commentaar

24 september 1967
Unfinished Work

Naam Overig in Tekst

Foppe Nieuwenhuis    Foppe Nieuwenhuis   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21