Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ027311

Een sage (mondeling), dinsdag 10 oktober 1967

Hoofdtekst

Fleden winter doe't ik yn Westergeast wie by myn dochter, haw ik dêr in skoftsje ûnwennich west. Ik woarde dêr bang en op in nacht soe ik fuortrinne.
"Hwerom is mem bang?" frege myn dochter.
Ik sei: "Hjir komt in deaden op dit streekje."
"Hjir is ien siik, dy sil 't dan wol wêze", sei Jitske, myn dochter. En dat wie ek sa, dat kom út. Har buorwyfke stoar. It minske wie o sa hastich.
Op in kear sei se tsjin my: "Ik bin sa forkâlden." Mar ik hearde it wol. It wie in freeslike hoarst dy't se hie. Ik sei: "Gean nei hûs, gau, en lit dokter komme." Mar 6 wiken letter wie se dea.
Der stoaren nòch twa, dêr hie 'k ek weet fan.
De minsken stjerre altyd yn in trijehoeke.
As hjir ien stjert, dan dêr ien, en dan dêr ek.


Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Een vrouw wist vantevoren dat iemand zou sterven. Dat hoorde ze vaak. Mensen sterven altijd in een driehoek. Als hier iemand sterft, dan daar een, dan sterft er in de derde hoek ook iemand.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 273, verhaal 11

Commentaar

10 oktober 1967
Andere Todesvorzeichen

Naam Overig in Tekst

Westergeast    Westergeast   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21