Hoofdtekst
Wessel en Jan Opslach (= J. v.d. Heide) wienen us togearre yn 't boskje oan 'e Trije Roede. 't Wie yn 'e nacht. Der lei in stikje bou yn dat boskje. En dêr sieten faek hazzen yn. Dêr wie 't Wessel en Jan om to rêdden. Mar Wessel syn wiif wie oan 't omfallen ta. Mar dêr steurde Wessel him net oan. Sy sieten dêr stil op 'e hazzen to passen. Hwant mei 't berntsje kom it net goed. Dat hie Wessel fan tofoaren sjoen. "Ik hoef my net to haesten," sei er tsjin Jan Opslach, "ik ha 't lykje al sjoen."
Hy hie op bêd lein njonken syn wiif. Doe wienen der twa keardels yn 'e keamer kom. De iene hie in swart baerdtsje en in swarte snor. De oare hie allinne mar in snor. De iene hie in bernelykje yn 'e earm hawn en hie dat yn it kistje lein dat de oare droech. Doe hied er it kistje op 'e groun set. Mar doe hienen se 't kistje dêr wer wei krigen en yn in oare hoeke fan 'e keamer delset. Doe hienen se beide nei 't bêd sjoen en doe wienen se der út gong.
Wessel wie fuort fan bêd ôfkom en roan nei de doar ta. Mar alles siet fêst en der wie net in kistje to sjen.
Hwa wie dy man mei 't swarte baerdtsje? Dat wie Oebele Boomsma. Dy wie krekt út Dútslân weikom fan 't wurk. Hy hie de snor en 't burd groeije litten. De oare wie Hindrik Bekkema. Dat wienen de beide mannen dy't it kistje dêr delset hienen.
Wylst Wessel en Jan dêr yn 't boskje sieten, hearden se ien roppen.
"'k Hoef der net hinne," sei Wessel, "'t bern is doch dea." Mar doe hearde er 't lûd fan syn mem.
Doe gong er nei hûs ta. Jan Opslach gong mei. Doe seach er it bern. Hy sei: "'t Leeft al, mar hjir komt in lyts kistje to stean." En hy wiisde it plak oan dêr't er 't sjoen hie.
Jan Opslach stie der by. Dy sei: "It berntsje is ommers sa helder as 't mar kin."
Doe gong Wessel nei 't gemeentehûs to bernoanjaen. Doe't er weromkom wie 't bern dea.
't Kom allegear krekt sa út lyk as er it op bêd sjoen hie. De man mei 't swarte baerdtsje en dy mei de snor brochten it kistje en setten it op it plak, dêr't hy it fan tofoaren al sjoen hie.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
De man van een zwangere vrouw zag op een nacht twee mannen zijn slaapkamer binnenkomen, en een kinderlijkje in een doodskist doen. Toen hij opstond, was er niets meer te zien. Sinds die tijd was de man ervan overtuigd dat het kindje dat ze zouden krijgen dood geboren zou worden. Het kindje werd niet dood geboren, maar stierf een paar uur na de bevalling.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 276, verhaal 6
Commentaar
23 november 1967
Der Sarg gesehen
Naam Overig in Tekst
Wessel   
Jan Opslach   
Jan van der Heide   
Trije Roede   
Oebele Boomsma   
Hindrik Bekkema   
Naam Locatie in Tekst
Dútslân   
Duitsland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21