Hoofdtekst
Der wie in man, dy wie o sa min. Hy lei al hast op 't stjerren en der moest alle nachten by him wekke wurde. Dy man dy wie oan 'e duvel forkocht. As de lju der sieten to wekjen, dan forskynde de duvel dêr sa mar en dan naeiden se hurd út.
Mar doe wienen der twa, dy seinen: "Wy doarre dêr wol to bliuwen." "Wy wolle fan 'e duvel neat wite", seinen se. "De duvel kin sa raer dwaen as er wol, wy gean der net út."
Doe't se dêr in skoft by de sike sitten hienen, wie de duvel der oankom. Sy gongen net op 'e flucht en bleauwen sitten.
De sike man hie in hoanne, en dy siet yn 'e hoannebalken. Om klokslach tolve ûre foel dy hoanne dea del.
De beide wekkers hearden dat en gongen der út om to sjen.
Doe wie der nòch in dier, dat dea delfoel, mar 't wol my nou sa net yn 't sin komme hwatfoar dier as dat wie.
Doe woarde it de beide wekkers slim genôch. Mar sy hienen sein: "Wy forlitte dy net." Dat sy gongen wer nei de sike ta.
Even letter draeide de duvel de sike de nekke om. 't Wie in swarte keardel west. Mar sy bleauwen der by.

Onderwerp
SINSAG 0922 - Teufel bricht Sünder das Genick.   
Beschrijving
Een man die zijn ziel aan de duivel heeft verkocht, ligt op zijn sterfbed. De duivel verschijnt bij tijd en wijlen ook zelf aan het bed, waarop alle wakenden snel de benen nemen. Twee moedige mannen besluiten zich niet te laten wegjagen door de duivel en koste wat het kost aan het bed te blijven zitten. Ze zijn er eerst getuige van hoe twee dieren dood neervallen; vervolgens zien ze de duivel, in de gedaante van een zwarte kerel, eigenhandig de nek van de zieke man omdraaien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 281, verhaal 14 (archief MI)
Commentaar
30 november 1967
Teufel bricht Sünder das Genick.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21