Hoofdtekst
Doe 't oerbeppe forstoar, lei beppe op bêd to bidden: "Och Hearre, hie 'k myn mem mar wer."
Dat gong joun út, joun yn.
Sy slepte yn in keamerke mei in stienen flier. Op in kear heart hja de doar en hja sjocht har mem foar 't bêd kommen.
Hja soe sizze: "Hwat docht mem hjir op bleate fuotte", mar dan sjocht se in oare kant út.
Har mem die in kras oer de stiennen fan 'e flier en wei hie se west.
Beppe hat doe noait wer bidden om har mem.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Overgrootmoeder overlijdt en grootmoeder bidt elke nacht om de terugkeer van haar moeder. Op een nact verschijnt de geest van de moeder inderdaad aan haar bed. Ze zet een kras in de stenen vloer. Vanaf dat moment was de grootmoeder van de verteller niet verdrietig meer.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 283, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
ca. 1953
Andere Tote spuken
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21