Hoofdtekst
Op 'e Veenhoop stie in boereplaets, dat wie de Flearbosk.
Dêr wenne in boer mei syn húshâldster.
Der kommen op in joun twa man, dy woenen dêr graech sliepe. Dat mocht wol.
Mar even letter hearden se wèr guon oankommen.
It wienen sawn rovers.
De boer tocht net oars of it wienen hantlangers fan 'e beide oaren. Hy tinkt: de fyân binnen en de fyân bûten.
Hy nom it gewear. De faem laedde en hy skeat.
Mar op 't lêst wie 't krûd op. De rovers fornommen dat. Mar de oare beiden fornommen it ek en kommen fan 'e hea ôf.
De rovers hienen al in gat makke ûnder 't fondamint troch.
Doe pakten de twa sliepers elk in heafearke fan 'e telle en doe 't de iene rover der omtrint mei de holle troch wie, stuts er him yn 'e holle. De rover luts him werom. Wie er dea of levend? Net ien hat dit wisten.
Mar der is noait wer in rover sjoen woarn.
Letter woard de plaets forkocht, mar ûnder dit bitingst: ien dy 't kom to freegjen om ûnderdak dy mocht yn 'e Flearbosk net wegere wurde.

Beschrijving
Op een boerderij krijgen twee reizigers onderdak in het hooi. Even later komen er rovers. De boer denkt dat het handlangers zijn van de gasten. Hij schiet met zijn geweer op de rovers, maar op een gegeven ogenblik is zijn kruit verschoten. De rovers maken een gat onder het fundament en willen er door kruipen. De twee gasten gaan de rovers echter te lijf met hooivorken: het waren dus geen handlangers. De rovers vluchten. Later wordt de boerderij verkocht op één voorwaarde: gasten mogen nooit onderdak geweigerd worden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 283, verhaal 16 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
ca. 1953
Naam Overig in Tekst
Veenhoop   
Naam Locatie in Tekst
Flearbosk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21