Hoofdtekst
Der wie in earmfóud yn Ikkerwâld, dy syn frou stoar. Doe't se al in skoftsje ûnder 'e ierde lei kom der yn 'e nacht hyltyd ien by de doar yn 't wyt.
De earmfóud woe wite hwat dat to bitsjutten hie. Dêrom gong er nei doomny ta en frege of dy it skynsel oansprekke woe.
Doe sei doomny: "As it yn 't wyt is, wol ik it wol oansprekke, mar is it yn 't swart, dan net."
It spoek kom yn 'e nacht.
Doomny sei: "Hwat is jou bigearte?"
Doe sei se: "Ik ha jild stellen. Dat jild ha 'k forstoppe achter de spanten. Dat mat dêr wei krigen wurde. Dat jild komt de earmen ta. Salang dat dêr sit, kin ik net rêste." Hja wie de frou fan 'e earmfóud.
Doe ha se it jild dêr wei krige en it de earmen jown. Doe wie der letter noait mear hwat.

Onderwerp
SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   
Beschrijving
Een weduwnaar wordt 's nachts bezocht door de geest van zijn overleden vrouw. De dominee wil de gedaante alleen aanspreken als ze in het wit gekleed is, niet als ze in het zwart is. Als de dominee vraagt wat haar onvervulde wens is, zegt ze dat er in het huis geld verstopt ligt dat aan de armen toebehoort. Pas als de armen hun geld terugkrijgen, zal haar ziel rust kunnen vinden. Haar wens wordt vervuld en de vrouw is nooit meer komen spoken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 286A, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
9 mei 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).
Naam Locatie in Tekst
Ikkerwâld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21