Hoofdtekst
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap."
Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst) Sy moest werom. Ik sei tsjin har: "Gean dû mar allinne werom, dan bring ik har noch in eintsje fierder." Hwant it wie in tsjuster, iensum paed, dêr't se lâns moest.
Wy krigen de Borkeloane en wienen dy in eintsje ynroan togearre, doe wie 't krekt, as wie der hyltyd ien achter ús. Doe't ik by har wei gong, fornom ik datselde wer achter my. It gong yn m_n fuotstappen. Mar ik koe neat sjen.
Doe't ik thús kom wie 't sahwat healwei tolven. Ik sei tsjin 't wiif: "Nou bring ik har noait wer allinne fuort."

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een man begeleidt een bezoekster naar huis en heeft het gevoel of hij door iemand achtervolgd wordt. Hij durft de vrouw nooit meer alleen naar huis te brengen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 286A, verhaal 12 (archief MI)
Commentaar
9 mei 1968
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Geast   
Liuwe Woudstra   
Naam Locatie in Tekst
Rinsumageast   
Kapelle   
Borkeloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21