Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0287A01

Een sage (mondeling), 1951

Hoofdtekst

Der wenne in faem op 'e Lytse Hoarnst to Eastemar, dy moest nei 't Swartfean, nei Hinse Jehannes de Boer om in drankje foar in sike koe. 't Wie yn 'e winter en hja gong oer iis, dat wie 't koartst.
Doe't Hinse Jehannes har it drankje joech, sei se: "Sjesa, nou gean 'k mar wer oer iis."
"Net oer iis mei de drank," sei Hinse Jehannes, "hwant dan silste falle en dan is de drankflesse stikken."
Mar hja die 't àl. Op healwei kom se to fallen. It drankje kapot. Doe gong se werom en krige in nij drankje fan him.
"Tink der om," sei Hinse, "net wer oer 't iis."
Doe roan se oer 't lân, en sa skean de feart oer. Mar doe krûpte se oer 't iis. Doe foel it drankje en opnij wie de flesse stikken. Dat doe moest se wer werom nei Hinse.
Mei it trêdde drankje kom se goed op 'e Lytse Hoarnst oan. Sy hie net wer op 't iis west.

Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

Een meid haalt een genezend drankje voor een zieke koe bij duivelbanner. Hij raadt de meid af de kortste weg over het ijs te kiezen omdat het drankje zo gemakkelijk stuk kan vallen. Tot twee keer toe slaat de ongehoorzame meid zijn raadgevingen in de wind en brengt ze een kapot flesje terug naar de duivelbanner. Pas bij de derde keer gehoorzaamt ze en slaagt ze erin het flesje heel thuis te krijgen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 287A, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Lytse Hoarnst    Lytse Hoarnst   

Hinse Jehannes de Boer    Hinse Jehannes de Boer   

Hinse Jehannes    Hinse Jehannes   

Hinse    Hinse   

Swartfean    Swartfean   

Eastemar    Eastemar   

Hinse Jehannes de Boer    Hinse Jehannes de Boer   

Hinse Jehannes    Hinse Jehannes   

Hinse    Hinse   

Naam Locatie in Tekst

Eastemar    Eastemar   

Swartfean    Swartfean   

Oostermeer    Oostermeer   

Zwartveen    Zwartveen   

Lytse Hoarnst    Lytse Hoarnst   

Kleine Hornst    Kleine Hornst   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21