Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0287B09

Een sage (mondeling), zondag 12 mei 1968

Hoofdtekst

Jehannes wie us in kear op Roanster merke yn Drinte. Hy siet dêr yn 'e herberch, en dêr mochten se net smoke sûnder in dop op 'e pipekop. Mar Jehannes steurde him dêr net oan.
Doe kom der in plysje by him. Dy sei: "Ophâlde fan smoken!"
Mar Jehannes smookte troch.
"Lit it," sei de plysje, "oars bring ik dy op."
Mar Jehannes steurde him nergens oan.
Doe luts de plysje him oan 'e earm, mar hy koe Jehannes noait ta de fuortleasten út krije.
Doe helle de plysje syn kammeraet op. Doe soenen se dan togearre Jehannes opbringe.
Mar sy koenen him net in stap fuortkrije.
Doe hellen se de burgemeester op.
Mar doe't dy der wie, krige Jehannes gjin preses, hwant de burgemeester sei, hy woe dy sterke keardel ek us sjen.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

De politie probeert een buitengewoon sterke kerel te arresteren omdat hij ongeoorloofd zit te roken in een herberg. De agenten slagen er echter niet in de krachtpatser van zijn plaats te krijgen.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 287B, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

12 mei 1968
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Jehannes    Jehannes   

Roanster    Roanster   

Drinte    Drinte   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21