Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0287B12

Een sage (mondeling), zondag 12 mei 1968

Hoofdtekst

IJe Hulshof wie kastlein yn Surhuzum. Dy wenne dêr doe noch mar krekt, doe kom der in greate keardel by him yn 'e herberch. Dy dronk mar fuort en mar wei. En hy bitelle net. "Ik tocht," fortelde IJe letter, "Hoe mei dit kommen? Soe ik myn sinten wol krije? En hoe krij 'k him hjir aenst wer wei?"
Doe't dyselde twintich slokjes hawn hie, gong er ta 't festjebûske en sei tsjin IJe: "Sa is 't, tink, Hulshof, hè?"
"Ja," sei Ije, mar hy tocht: "Hoe mei dit komme? Twintich slokjes."
Mar hy stapte der út, sa rjocht as in kears.
Dat wie greate Piter.

Beschrijving

Een drinker blijft stug doordrinken, zonder te betalen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 287B, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

12 mei 1968

Naam Overig in Tekst

IJe Hulshof    IJe Hulshof   

Piter    Piter   

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21