Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ028817

Een mop (mondeling), vrijdag 10 februari 1967

Hoofdtekst

Der wie in skipper fan 'e Rotfalle, Ljibbe Postma. Dy sylde us in kear troch Oerterp, mei it seil sadanich, dat it de greatte hie fan in Drintse fok. Sa wie 't makke. De breedte fan 'e gaffel boven bipaelde dat.
Troch Oerterp mocht men net farre mei 't seil op, mar dit seil koe dus trochgean foar in fok.
Der kommen al gau twa marechaussee's oan board. Dy makken de skipper preses.
Sy fregen nei de namme fan 't skip.
De skipper antwurde: "Ik weet niet", oant trije kear ta.
Yn 't preses kom to stean, dat de skipper brutael west hie en har de namme fan 't skip net sein hie.
De skipper forskynde op 'e rjochtdei. Dêr hied er de mjitbrief fan 't seil fan 't skip 'Ik weet niet'.
De marechaussees stienen der mei biskamme hollen by.

Beschrijving

Een schipper wordt door de marechaussee bekeurd. Als hij de naam van zijn schip moet noemen, zegt hij tot drie keer toe 'Ik weet niet'. De schipper moet voor de rechter verschijnen omdat hij brutaal is geweest tegen de politie. Dan blijkt dat het schip echt 'Ik weet niet' heet.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 288, verhaal 17 (archief MI)

Commentaar

10 februari 1967

Naam Overig in Tekst

Rotfalle    Rotfalle   

Ljibbe Postma    Ljibbe Postma   

Drintse    Drintse   

'Ik weet niet'    'Ik weet niet'   

Naam Locatie in Tekst

Oerterp    Oerterp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21