Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ029905

Een sage (mondeling), 1953

Hoofdtekst

Ds. van Velzen fan de Ham (= Droegeham) woarde us op in joun warskôge, dat der wie ien tige siik en hy woarde frêge dêr by dy sike to kommen.
It wie al let en hiel min waer. De húshâldster rette it him ôf. It waer wie to min, sei se.
Mar doomny sei: "Ik gean hinne."
Doe kom er by in brêge. Dêr sieten trije man forskûle, dy woenen him deameitsje.
Mar doe't er oan har ta wie, hied er oan wjerskanten ien njonken him. Doe doarsten dy trije neat to dwaen. Sy wienen deabinaud.
Doe't er op it plak kom, dêr't er ûntbean wie, doe wie dêr net ien siik. De trije mannen hienen it gefal bitocht, dy woenen him der ynlúzje.
Letter, nei in jier of tsien, hat ien fan 'e trije ds. van Velzen de hiele tadracht forteld. Dyselde wie doe bikeard.
"Ik wie mar allinne", sei ds. van Velzen.
Mar síj hienen dúdlik twa njonken him sjoen.

Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Een dominee die op ziekenbezoek gaat, wordt opgewacht door drie schurken die het op zijn leven voorzien hebben. De drie laten een aanval achterwege, als ze zien dat de dominee aan weerskanten door iemand begeleid wordt. Als een van de drie schurken later het hele verhaal opbiecht, zweert de dominee alleen geweest te zijn op de bewuste avond. De dominee is destijds beschermd door beschermengels.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 299, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

1953
De engelenwacht

Naam Overig in Tekst

Ds. van Velzen    Ds. van Velzen   

Naam Locatie in Tekst

Ham    Ham   

Droegeham    Droegeham   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21