Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ030901

Een sage (mondeling), 1954

Hoofdtekst

Mindert Taekes wenne by de Bethlehemsreed. It wie in stjonkert, dy't folle roofde en stiel. (Hy hie us in pink stellen op it Wytfean yn 'e pleats, dêr't nou Ate Ates Oosterhof wennet, doetiids Tsjerk Hoekstra) Hy hat nachtwacht west yn 'e Rottefalle. Op in kear hied er wer hwat útheefd en moest er oppakt wurde. Mar hy forskynde net.
Doe hâldde de burgemeester fan Bûtenpost in forgadering. Hy woe ha de plysjes soenen der mei man en macht hinne. Sterke Hearke wie der ek by. Dy wie stille plysje. Hy sei, hy woe 't allinne wol mei Mindert bisykje.
Hearke rekke der hinne. Mindert Taekes wie op 'e tún oan 't hakjen. 't Wie yn 'e Maitiid. Sterke Hearke kom by him en sei: "Wy ha elkoar yn salang net sjoen, efkes fûstkje, net?"
Dat gong oan.
Mar Hearke hâldde him beet en sei: "Nou mast mei!"
Mar dat woe Mindert net. Hy bitocht in forlechje. "Dan mat ik earst nei 't wiif ta," sei er, "en oare klean oanstrûpe."
Mar Hearke sei: "Né jong, dêr komt neat fan. Mei."
En Mindert moest wol mei him.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Hearke - tevens stille politie - gaat een stroper die verzuimd heeft voor de rechter te verschijnen eigenhandig ophalen. De stroper probeert nog een list te verzinnen, maar kan niets anders doen dan aan Hearkes bevelen gehoorzamen.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 309, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

1954
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Mindert Taekes    Mindert Taekes   

Bethlehemsreed    Bethlehemsreed   

Ate Ates Oosterhof    Ate Ates Oosterhof   

Tsjerk Hoekstra    Tsjerk Hoekstra   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Hearke    Hearke   

Mindert    Mindert   

Naam Locatie in Tekst

Wytfean    Wytfean   

Rottefalle    Rottefalle   

Bûtenpost    Bûtenpost   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21