Hoofdtekst
Ik hie in wart op 'e hân en dy woe ik graech kwyt.
Ik hie heard dat, as men der mei tsjin in lyk oan struts, dan gong de wart fansels fuort.
Doe gebeurde it, dat ús buorwyfke forstoar. Ik gong der hinne en struts har mei de hân oer 't wang.
"O heden," sei Tsearde Antsje ( = Antsje Veenstra-Bruining B65-168,169), "dat mat men noait dwaen, hwant in deaminske is forgiftich."
Mar dêr leaude ik neat fan.
In fjirtsjin dagen letter wienen de warten der noch net ôf. Ik sei: "'t Helpt net." Mar doe seinen se: "Earst mat sa'n minske oan 't forgean wêze. Earder gean de warten net fuort."
En wrachtich wier, in skoftsje letter wie ik de wart samar kwyt.

Beschrijving
Je kunt een wrat kwijtraken door ermee over een lijk in staat van ontbinding te wrijven.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 311, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
13 december 1967
Naam Overig in Tekst
Tsearde Antsje   
Antsje Veenstra-Bruining   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21