Hoofdtekst
Doe't myn suster sauntjin jier wie kaem se to forstjerren. Sy lei o sa moai yn 'e kiste. Hja hie in glimk om 'e mûle. 't Wie och sa'n beeld fan in faem.
Der kaem in lapkekoopman út Dokkum by ús. Dy kaem altyd geregeld. Hy frege heit of er myn suster wol sjen mocht.
Heit naem him mei nei har ta en hy hat in prachtich gebet foar har útsprutsen. Hy hie der earst om frege of dat wol mocht.
Doe sei er: "Der komt binnenkoart in sippe deaden, hwant sy glimket. Dan is sy blij."
Heit syn broer hie kanker. Koarte tiid dêrnei is er stoarn.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een gestorven meisje ligt in haar kist met een glimlach om haar mond. Een lappenkoopman vermoedt dat er een ander sterfgeval nadert, gezien de vreugde van het meisje. Een week later sterft er inderdaad een andere man.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 311, verhaal 5 (archief MI)
Commentaar
13 december 1967
Andere Todesvorzeichen
Naam Locatie in Tekst
Dokkum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21