Hoofdtekst
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich.
De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter.
Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde.
As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan.
Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst net leauwe. Mar doe't de bern oanhâldden, dat it wier wie, liet er ds. Feitsma fan 'e Broek komme om it spoek oan to sprekken.
Hja forskynde en sei tsjin 'e doomny, hja hie ûnder it bêd in sparpotsje forstoppe. Dêr siet jild yn, dat wie bistimd foar it ûngelokkige berntsje. As se dat tofoarskyn hellen en it jild fêst setten op it bern, dan soe hja de rêst fine.
Sy ha dat dien en letter ha de bern har noait wer sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   
Beschrijving
Een weduwnaar geeft zijn kinderen - waaronder één ongelukkig kind - opdracht het volkstuintje te onderhouden. Als de kinderen op een dag aan het werk zijn, verschijnt de geest van hun overleden moeder aan hen. Als de dominee de ronddolende moeder aanspreekt op haar onvervulde wens, zegt de moeder dat ze pas rust kan vinden als gespaard geld dat onder het bed ligt voor het ongelukkige kind wordt vastgezet. Haar wens wordt vervuld en haar geest vindt rust.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 311, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
13 december 1967
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).
Naam Overig in Tekst
Feitsma   
Naam Locatie in Tekst
Broek   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21