Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ031302

Een sage (mondeling), woensdag 20 december 1967

Hoofdtekst

Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach.
Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k.
"Hwerom net?" frege de boer.
"It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is", sei 'k.
De frou sei: "Jo bigjinne krekt lyk as Hiltsje. (dat wie myn suster)
Ik sei tsjin 'e boer: "As jo de doar joun net goed fêst dogge en alles goed neisjogge, sliep ik hjir fannacht net."
De boer socht alles goed nei, de skuorre, de souders en alles. Mar der wie neat to sjen.
"Nou Hiske," sei de boer, "der is neat."
Mar ik hâldde fol dat der ien wie.
Op 't lêst rekken wy op bêd. Ik doarst net to sliepen, hwant ik hie mar by my: der moest ien wêze.
De tsjernhernedoar wie fêst en de feint slepte yn 't bûthús.
Mar doe't de boer de oare moarns bitiid fan bêd kaem, stie it skuorredoarke op.
Doe kaem de boer by ús yn 'e hûs en sei: "Nou hat der dòch ien yn 'e hûs west. Hy hat yn 'e tilbry sitten yn 'e skuorre. (Hja hienen dy tilbry de foarige jouns wol fyftich kear foarby roan.)
"Nou leau ik jo tonei altyd", sei de boer tsjin my.

Beschrijving

Een melkmeisje durft niet in het karnhuis te overnachten omdat ze meent dat er een indringer binnengeglipt is. Als de schuurdeur de volgende morgen openstaat, realiseert de boer zich dat er toch iemand binnen is geweest, wellicht een spook.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 313, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

20 december 1967

Naam Overig in Tekst

Hiltsje    Hiltsje   

Hiske    Hiske   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21