Hoofdtekst
Kei syn pake wie in Gerrit. Dy fortelde ris, der soe in jonkje yn ús famylje fordrinke, in lytse Ealse. Dat wie him iepenbiere.
Goed fjirtich jier letter is 't gebeurd. Der waerd letter net wer oer praet, nei't hy dat sein hie. Mar elke kear dat der wer in Ealse geboaren waerd, waerd der om tocht. Wy ha in stik of hwat Ealses yn 'e famylje.
Fjirtich jier letter krigen wy in Ealse. Wy wennen yn 'e Falom.
Alde beppe, de frou fan pake Gerrit, koe kopkekike.
Op in kear sei ik tsjin har: "Fortel my ekris hwat."
"Bern," sei se tsjin my op sa'n eigenaerdige toan, "dat komst gau genôch to witen."
In pear dagen letter fordronk ús lytse Ealse.
Beppe fortelde dat se dat al in skoft fan tofoaren witen hie.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een helderziende voorspelt dat een jongetje genaamd Ealse zal verdrinken. Veertig jaar later komt er inderdaad een Ealse om door verdrinking. Ook een oud vrouwtje had dit al voorzien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 313, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
20 december 1967
Das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
Gerrit   
Ealse   
Falom   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21