Hoofdtekst
Jan wenne oan 't Slochterdjip yn Grinslân. Myn man hat him skoan kend. Hy wie ûnbidige sterk.
Der lei in skou yn it djip, 't wie in greate fjouwerkante bak. Dy woe Jan op 'e wâl ha. De wâl wie wol oardel meter heech. Sa heech moest er him oplûke.
Der farde in snikke fan Slochteren nei Grins. Dy moest earst foarby fard wêze, foar't Jan mei it krewei bigong. Hwant hy woe 't net foar oare minsken wite, dat er sa sterk wie. De lju fan 'e snikke mochten 't net sjen.
Doe't de snikke foarby wie, luts er de skou pûr allinne by de hege wâl op. Myn man hat it sels sjoen. Sa sterk wie dy keardel.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een verschrikkelijk sterke man trekt in zijn eentje een veerboot op de wal. Omdat hij zich schaamt voor zijn lichaamskracht, zorgt hij ervoor dat hij het karwei heel onopvallend klaart.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 314, verhaal 10 (archief MI)
Commentaar
9 januari 1968
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Jan   
Slochterdjip   
Naam Locatie in Tekst
Grinslân   
Slochteren   
Grins   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21