Hoofdtekst
Auke de Vries en Wytse, beide út 'e Westerein, sieten op 'e boat dy't fan Appingedam nei Grins farde. Ymke de Jong siet ek by har op 'e boat. Mar Ymke hie gjin sinten, dat it stie slim, as it aenst op biteljen oankaem.
Auke en Wytse spilen hwat op 'e harmoanika.
Ymke frege of er ek even spylje mocht. Ymke krige de harmoanika, mar hy raspte der sa bot mei, dat Auke stompte Wytse oan en sei sunich: "Wy matte him dat ding ûntnimme, hwant hy skuort him útelkoar."
Doe sei Ymke: "Hat ek ien in ryksdaelder? Dan doch ik dêr in kunstje mei."
Der wie in boeresoan oan board, dy joech Ymke in ryksdaelder. Doe ûntfoel Ymke dy ryksdaelder. Hy foel krekt yn 'e naed fan 'e flier.
Ymke skripte om dy ryksdaelder dêr wer wei to krijen, mar dat woe him net slagje. Op 't lêst wienen se oan Grins ta, mar de ryksdaelder krige Ymke der net út.
Hy sei tsjin 'e boeresoan: "It spyt my, mar ik kin him der noait wer útkrije. En ik ha sels net in sint op sak, dat ik kin dy ek net bitelje."
Doe't dy boeresoan goed en wol fan board wie, struts Ymke even mei de hân oer de naed hinne, dêr't de ryksdaelder yn fallen wie en fuort dêrnei lei er him yn 'e hân.
Doe koed er syn reis bitelje.

Beschrijving
Tovenaar Ymke de Jong - altijd blut - past slimme trucjes toe om aan geld te komen. Als hij op een veerpont een boerenzoon om een rijksdaalder vraagt om een kunstje mee te vertonen, laat hij de munt zogenaamd per ongeluk in een naad van de vloer vallen. Ymke zet zich vreselijk in de munt uit de naad te krijgen, maar de boerenzoon moet zonder zijn knaak van boord gaan. Als de boerenzoon goed en wel verdwenen is, wrijft Ymke even over de naad en de munt ligt prompt weer in zijn hand.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 314, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
9 januari 1968
Naam Overig in Tekst
Auke de Vries   
Wytse   
Ymke de Jong   
Ymke   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Appingedam   
Grins   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21