Hoofdtekst
Myn skoanmem hiet fan Tijke. Dy wie troud mei Albert Land. Sy wennen by 'Driewegen' yn 'e Harkema.
Har suster Antsje wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
Op in kear wie Antsjemoai by skoanmem to praten west. 't Wie al op 'e joun en sy soe wer fuort. Mar sy wie noch mar krekt fuort of sy kom werom. Hja fleach der oer en rôp: "Hearink, de wereld forgiet! In wein sûnder hynder en 't is allegear fjûr!" Hja hie de lettere betonwei passeard en dêr hie hja fan tofoaren in auto sjoen, dy't der yn dy tiden noch net wienen. Dy hie de ljochten op hawn.
Doe't se hwat bikom wie soe se wer fuort, mar doe seach se itselde forskynsel opnij. Doe kom se wer werom. Skoanmem hat har thúsbrocht, sa wie 't minske fan 'e wize. Letter doarst se noait wer by nacht de wei del. It wie foartjirmerije fan 'e auto. It fjûr dat wie 't ljocht fan 'e koplampen.

Onderwerp
SINSAG 0492 - Vorzeichen des Zuges   
Beschrijving
Een vrouw denkt dat de wereld vergaat als ze een 'wagen zonder paard met allemaal vuur' ziet. Het blijkt dat ze een voorgezicht heeft gehad van een latere uitvinding: de auto, met de lampen aan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 318, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
16 januari 1968
Vorzeichen des Zuges; feuriges, lärmendes, schnelles Ungeheuer
Naam Overig in Tekst
Tijke   
Albert Land   
Antsje   
Antsjemoai   
Hearink   
Naam Locatie in Tekst
Driewegen   
Harkema   
Smoarhoeke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21