Hoofdtekst
Ik wie us op in kear mei de autobus yn Ljouwert.
Piter Schievink fan 'e Harkema dy wenne doe by de Singel, dy wie by my.
Piter sei: "Sille wy us nei de wiersizter ta?" Ik sei "Ja".
Wy der togearre hinne. Dat minske seach alles út it kofjedik. Sy fortelde Piter syn hiele levensgeskidenis. Hwat der mei him gebeurd wie, dat kloppe allegear presys.
Sy sei tsjin him: "Dû giest aenst oer 't wetter en fuort."
Dat wie oer de Feanster feart nei Grins ta. Dat is neikom. Piter is nei Grins ta gong to wenjen.
"Dêr silst hiel hwat bileve", sei se. "Nei jierren silst in lyk wer nei Harkema tabringe. Ast dat dien hast, dan nimste smokkel mei yn 'e lykwein."
Dat is útkom. Hy hat yn 'e oarloch syn frou forlern. Sy is yn 'e lykwein nei Harkema ta brocht en hy hat yn dyselde lykwein in deade baerch werom nei Grins ta smokkele.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Twee mannen laten door een vrouwtje hun toekomst voorspellen uit koffiedik. Het komt precies zo uit als de vrouw voorspelt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 319, verhaal 14 (archief MI)
Commentaar
23 januari 1968
Das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
Piter Schievink   
Piter   
Feanster   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Singel   
Grins   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21