Hoofdtekst
De Ljouwerter galgelappers.
De galge stie froeger oan 'e Harnzer trekfeart.
It ding woarde minder en der moest eins noadich in nijen-ien foar yn 't plak komme.
Mar it Ljouwerter stêdsbistjûr wie sunich en sy ornearren, de âlde galge koe 't noch wol dwaen, hy moest mar hwat oplape wurde. Dat gong oan.
Doe woarde der ien ta de galge foroardield. Hy moest hingje.
Mar earst hâldde er in taspraek. Hy sei tsjin 'e Ljouwerters: "Skamje jimme jim net, dat ien, dy't aenst nei syn lêste rêstplak brocht wurdt oan sa'n sútrige âlde oplape galge hingje mat? De Ljouwerters sille altyd en erflik de namme fan galgelappers hâldde.

Beschrijving
Omdat de inwoners van Leeuwarden vroeger te gierig waren de galg op te lappen, worden ze tot op de dag van vandaag galgelappers genoemd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 324, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
18 april 1954
Naam Overig in Tekst
Ljouwerter   
Hamzer   
Ljouwerters   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21