Hoofdtekst
Mem har heit (myn pake) hie in maet, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Hy gong der yn 'e nacht faek ôf.
Pake woe net leauwe dat syn maet dan hwat seach.
"Dan mast mar us mei", sei syn maet. Sy praetten ôf, as hy der wer op in nacht út moest, soed er pake wekkermeitsje en meinimme.
Op in kear gebeurde dat. Togearre roannen se in eintsje de wei út.
Doe sei pake syn maet: "Nou komt der in lykstaesje oan. Nou matte wy fan 'e wei ôf." Dat dienen se doe. Even letter sei pake syn maet: "Nou kinne wy wol wer op 'e wei. De lykstaesje is foarby."
Pake hie neat sjoen.
Mar it kaem wòl út. De oare wyks wìe der in lykstaesje. Dy passearde krekt itselde plak dêr't pake en syn maet dy nachts stien hienen.
Doe koe pake de lykstaesje sels sjen.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een helmdrager wil zijn maat overtuigen van zijn helderziende gaven en neemt hem 's nachts mee om dingen te zien. De helderziende maant zijn kameraad opzij te gaan voor een passerende lijkstoet. Een week later trekt er op dezelfde plaats daadwerkelijk een begrafenis voorbij.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 325, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
20 januari 1968
Leichenzug gesehen & SINSAG 0489 Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21